Hoanne Kallemooi dochs yn koer

It opsluten fan in hoanne yn in koer op 20 meter hichte giet takom wykein gewoan troch op Skiermûntseach; ek al ropt de bistebeskerming op der mei op te hâlden. It is in tradisjoneel ûnderdiel fan it Kallemooi evenemint op it eilân. De hoanne wurdt it wykein yn in koer mei wiete bôle ophongen en der tiisdeis wer úthelle.
Neffens de bistebeskerming is dat net mear fan dizze tiid en soarget it foar stress by de hoanne. Mar neffens de organisaasje is de hoanne al wol fyftich jier lang sûn út de koer helle en wurdt de tradysje net stopset.