Hiemstra kampioen sweeffleane
Frank Hiemstra is freed kampioen wurden by it NK sweeffleanen. De hiele wike stie hy al boppe-oan yn it klassemint. Frank Hiemstra komt oarspronklik út Easterwâlde en hy fleant by de Friese Aero Club yn Ljouwert.
Hy hat al ferskate kearen meidien oan it NK sweeffleanen, mar it is him noch net earder slagge om kampioen te wurden.