'Roeiers op skema foar rekôr'

De dielnimmers fan de Alvestêderoeimaraton lizze goed op skema om in snelheidsrekôr te heljen. De organisaasje ferwachtet de earste roeiers tusken in kertier foar ienen en ien oere sneontemiddei wer werom yn Ljouwert. Dat soe betsjutte dat de roeiers minder as 17 oeren ûnderweis west hawwe en dat is in rekôr.
Boppedat telt de maraton ek in rekôr oantal teams. Ferline jier dienen der noch 97 teams mei, dit jier binne dat der al 107. De tocht wurdt dit jier alwer foar de 29ste kear organisearre.