Fjouwer op rige Daniël Iseger

Daniël Iseger hat syn fjirde winst op rige fan it keatsseizoen te pakken. Boppedat wie it syn 100e winst yn de haadklasse. Mei Peter van Zuiden en Marten Feenstra wûn Iseger de trochinoarlotterspartij yn Easterein. Yn de striid om priis en preemje waard it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Alle Jan Anema en Patrick Scheepstra mei 5-2 en 6-0 ferslein. By de froulju gong de winst nei Evelien Westra, Imke van der Leest en Manon Scheepstra. It trio Tineke Dijkstra, Esther Wagenaar en Fenna Zeinstra waard in de finale mei 5-3 en 6-2 ferslein.