Banen fuort by korporaasjes

30 maaie 2014 - 20:45

By wenningkorporaasjes yn Fryslân ferdwine de kommende jierren hûnderten banen. De korporaasjes moatte besunigje om't oars harren finansjele reserves ferdwine troch de ferhierdersheffing fan it Ryk, it rêden fan oare korporaasjes en mislearre nijbouprojekten. Boppedat wolle de korporaasjes wenningen ferkeapje om de holle boppe wetter te hâlden. Neffens wurdfierder Henk Heikema van der Kloet wolle de korporaasjes foarkomme dat der twongen ûntslaggen falle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)