'Regels lânbouark dreech'

Feiligens fan lânbouark bliuwt dreech. Der is wol oandacht foar yn de sektor, mar de regels binne dreech út te fieren en boeren binne faak hastich. Dat seit Tineke de Vries, bestjoerder fan LTO Fryslân, yn reaksje op it grut tal oertredings fan feilichheidsregels troch bestjoerders fan trekkers. Fan de hast 600 masines dy't de ôfrûne twa moannen yn Fryslân oanhâlden binne, krigen 200 bestjoerders in bekeuring of in warskôging.
Neffens De Vries is it lânbouark de lêste jierren feiliger wurden.