Dielnimmersrekôr roeimaraton

30 maaie 2014 - 18:10

In rekôr oantal teams steane der freedtejûn oan de start fan de Alvestêderoeimaraton. De tocht wurdt dit jier alwer foar de 29ste kear organisearre. Ferline jier diene der noch 97 teams mei, dit jier binne dat der al 107. Neist Fryske en Nederlânske teams, dogge der dit jier ek wer in grut tal bûtenlânske teams mei.

De roeiers komme ûnder oare út Dútslân, Switserlân en Frankryk. De finish is sneontemiddei wer yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)