Toskedokter mei taryfsprekoere

Toskedokter © Omrop Fryslân
Toskedokters binne hielendal net safolle djoerder wurden as de measten tinke. Dat seit toskedokter Tilon út Grou. Hy jout op twa taryfsprekoeren ynformaasje oer de prizen fan de behannelings.
Op it heden meie toskedokters by wize fan proef sels de tariven bepale. De prizen fan behannelings soene dêrtroch bot omheech gien wêze. Tilon seit dat dat net wier is. Guon saken binne djoerder wurden, mar oare krekt wer goedkeaper.