Minder omset Drachtster merk

Merkkeaplju yn Drachten hawwe de ôfrûne jierren flink wat omset misrûn trochdat it plak fan de merk in tal kear feroare waard fanwege wurk oan de Drachtsterfeart. Dy konklúzje lûkt Peter Plat fan de stifting Marktbeheer, de organisator fan de merk. Fan sneon ôf wurdt it mooglik beter. De 25 merkferkeapers ferhúzje dan nei in definityf plakje op it fernijde Riedhúsplein.
Op dat plak is ek romte foar útwreiding mei sa'n tweintich eksposanten. De ûndergrûnse parkeargaraazje moat mei nije winkels as de MediaMarkt en The Sting mear folk lûke.