HT-sloepen feilich op Skylge

30 maaie 2014 - 16:36

De 40e edysje fan de HT Race gie freedtemoarn fan start. Om healwei alven starten de sloeproeiers yn de haven fan Harns foar de lange reis nei Skylge. De measte fan de 130 sloepen hawwe seker fjouwer oeren oer de reis oer de Waadsee dien. Se hiene der knap waar by, mar oer de Waadsee roeie bliuwt likegoed swier.

De sloepen binne no binnen. Wa't wûn hat is noch net dúdlik. Dat wurdt pas sneontejûn bekend makke oan de hân fan in handikapberekkening.

Trefwurden: 
sloep roeie HT-race
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)