Rypster rindieren wer op stâl

Trije rindieren setten op Himelfeartsdei de boel op stelten by Dronryp. De A31 tusken Marsum en Frjentsjer waard sels ôfsletten omdat ien fan de bisten op de dyk rûn. Lang om let wist de plysje de trije rindieren te pakken. Ien dêrfan moast delsketten wurde mei in ferdôvingsgewear.
Eigner Yme Jan Talsma út Dronryp hie de bisten noch mar krekt. Hy is bliid dat se wer te plak binne. Hy hat de rindieren as hobby. Talsma is nei eigen sizzen mâl mei syn rindieren.
Yn it noarden fan Skandinavië is it net ûngebrûklik dat rindieren op de dyk omrinne, mar yn Fryslân is it ferkear net wend oan rindieren. Fandêr dat de plysje it ferkear warskôge en sels op rindierjacht gie.