IIsstokjesboat fertutearze

25 feb 2012 - 12:28

Eigener Robert McDonald fan de ferneamde iisstokjesboat Thor is bot teloarsteld oer hoe't der mei syn boat omgien wurdt yn Grou. De neimakke Fikingboat is makke fan fyftjin miljoen iisstokjes. Hy waard yn 2010 nei it Aquaverium helle troch de no net mear besteande hierdersferiening fan de permanente boate-útstalling.

It skip leit no fertutearze heal ûnder wetter. McDonald wie tasein dat it skip as boartestastel brûkt wurde koe foar bern, mar dat is noait bard.

McDonald wol no dat it skip weromkomt nei Emmeloord dêr't er wennet. Mar as in Fryske jachhaven it op it droege sette wol, sadat bern harren dermei fermeitsje kinne, fynt McDonald it ek prima.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)