Lenie ferlit seehûnekresj

30 maaie 2014 - 14:21

De seehûnskresj fan Pieterburen en oprjochter Lenie 't Hart hawwe in akkoart sletten oer har ôfskie. 't Hart ferlit de organisaasje offisjeel op 1 oktober 2014. Frou 't Hart woe in opstappreemje fan 150.000 euro, mar hat dizze eask wer ynlutsen. Se krijt gjin jild mei.

Der wie ek skeel oer in bedrach fan 50.000 euro, mar dêrfan is dúdlik wurden dat 't Hart dat bestege hat oan de soarch oan seehûnen. Neffens advokaat Klopstra fan de ried fan tafersjoch fan de kresj bliuwt 't Hart wol oan de organisaasje ferbûn as adviseur.

De ried fan tafersjoch is fierder fan doel om frou 't Hart it ôfskied te jaan dat se fertsjinnet. Frou 't Hart en de seehûnekresj hawwe al in moai skoft spul. 't Hart koe net goed oerwei mei de direksje fan de kresj. Ek wie der ferskil fan miening oer de te folgjen strategy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)