Poepjes fernuvere oer Kamp

30 maaie 2014 - 13:50
  • Kamp wol de griene gebieten ûndersykje litte foar it winnen fan skalygas

Deputearre Sietske Poepjes is fernuvere oer de lokaasjes dêr't minister Kamp fan ekonomyske saken ûndersyk dwaan wol nei de mooglike winning fan skalygas. De provinsje Fryslân hat earder al oanjûn tsjin it boaren nei skalygas yn Fryslân te wêzen. Dit omdat noch altyd net dúdlik is hokker effekten de winning fan skalygas hat op de omjouwing en de natoer.

Poepjes wol no neigean hoe't de troch de omwenjenden fan de oanwiisde plakken op de plannen reagearre wurdt. Utslute dat der yn Fryslân skalygas wûn wurde sil, kin de deputearre net.

By de gebieten dy't Kamp ûndersykje wol sit in part fan de Fryske wâlden en stikken fan de Súdeasthoeke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)