Gjin wrâldbeker Sven Kramer

© awfoto.nl
Sven Kramer komt takom wike net yn aksje by de wrâldbekerwedstriden op Thialf. Hy mocht starte op de 1500 en de 10.000 meter, mar sjocht dêrfan ôf. Hy rjochtet him de kommende moanne folslein op de 5 kilometer en de ploege-achterfolging.
It plak fan Kramer op de 1500 meter wurdt ynnaam troch Lars Elgersma. Maratonrider Rob Hadders mei de 10 kilometer ride.