Fiif wynturbines by Frjentsjer

It Frjentsjerter bedriuw Windkracht wol 20 miljoen euro ynvestearje yn de bou fan fiif wynturbines op yndustryterrein-east en by it kanaal. Dêr steane al fjouwer wynmûnen, mar dy ferdwine en dat jildt ek foar de doarpsmûnen fan Tsjom en Hitsum. Dy partisipearje yn it nije plan.
De omwenners krije 750 euro en de wykferienings 1000 euro. Mar it plan makket gjin kâns, seit wethâlder Joop Bekkema, omdat de ried besletten hat dat allinnich yn de besteande wynmûneparken yn de gemeente nije moles komme meie. Windkracht wol de plannen trochsette.
Neffens Winkracht is op yndustryterrein-east ek eins ek sprake fan in wynmolepark op it yndustryterrein. Op 11 juny is der yn Tsjom wer in ynformaasjegearkomste oer it plan.