Klacht oer Frysk by meldkeamer

25 feb 2012 - 11:48
  • Meldkeamer Drachten

It Konsultatyf Orgaan foar it Frysk wol minister Spies fan ynlânske saken oansprekke op it brûken fan it Frysk by de meldkeamer fan de plysje en oare helptsjinsten. De telefoantsjes op it algemiene plysjenûmer 0900-8844 wurde ôfhannele yn Grins. De meldings fan 112 foar it Noarden gean nei de nije meldkeamer yn Drachten. Yn beide gefallen wurdt Fryske bellers frege oft se Nederlânsk prate wolle.

Neffens it konsultatyf orgaan is dat tsjin it Europeesk hânfêst foar minderheidstalen.

De Ried fan de Fryske Beweging seit dat der by it antydiskriminaasjemeldpunt al klachten yntsjinne binne troch minsken dy't harren by de plysje ferbrekke moasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)