HT-roeirace los mei moai waar

De 40e edysje fan de HT Race treft it freed mei it prachtige waar. Freedtemoarn om healwei alven starten de sloeproeiers yn de haven fan Harns oan de lange reis nei Skylge. De measten fan harren dogge seker fjouwer oeren oer de reis oer de Waadsee,
Ien fan de 130 dielnimmende sloepen is de Pulp Fiction mei dêryn de roeisters fan Makkum. Dizze froulju dogge foar it earst mei oan de race. Dochs ha de Makkumer roeisters hege ferwachtings. In plakje yn de top tsien moat mooglik wêze, ferwachtsje se.