Amelân hat noch gjin kolleezje

30 maaie 2014 - 12:01

Mei it opstappen fan riedslid Bert Cordes fan it CDA liket op It Amelân de wei frij foar de foarming foar in nij kolleezje fan CDA en Amelân'82. Mar oft dat der ek komt moat noch blike, seit wethâlder Will Bakema. De foarming fan in nij kolleezje hâldt it eilân al twa moannen yn de besnijing. It kolleezje bestie de lêste acht jier út boargemaster Albert de Hoop en de wethâlders Bakema fan Ameland'82 en Nico Oud fan it CDA.

Beide partijen wolle mei-inoar fierder, mar in konflikt tusken Bakema en Cordes stie dat yn de wei.

Neffens Bakema moat de kommende dagen dúdlik wurde hoe't it no fierder giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)