Frysk moardspul no lanlik

30 maaie 2014 - 11:48
  • Het Moordspel

Het Moordspel, in ynteraktyf spultsje fan de Fryske bibleteken op ynternet, is sa'n sukses dat it freed lanlik lansearre wurdt. Dielnimmers oan it spul lêze in spannend moardferhaal fan trillerauteur Marion Pauw en kinne meitinke wa't de moard pleegd hat. Se krije dêrby in pear hints.

Wa't oan it Moardspul meidwaan wol kin telâne op de webside fan Het Moordspel of op de Facebookside fan Het Moordspel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)