Wytwask-manlju bliuwe yn sel

30 maaie 2014 - 10:51
  • Justysje

De twa haadfertochten út Ljouwert dy't heal maaie oppakt waarden yn ferbân mei it grutte wytwaskûndersyk, bliuwe opnij langer fêstsitten. Dat hat de riedskeamer woansdei besletten. It foararrêst fan de Ljouwerter (47) fertochte is mei 90 dagen ferlingd, dat fan syn stedsgenoat (34) mei 30 dagen.

De ferlinging is konform de eask fan it Iepenbier Ministearje. Alle oare fertochten dy't oanholden waarden yn ferbân mei it wytwaskûndersyk, binne yntusken frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)