Twa Drachtsters op 'e fûst

30 maaie 2014 - 10:30

Twa manlju út Drachten fan 24 en 63 jier binne tongersdeitejûn troch de plysje oanholden foar swiere mishanneling. De manlju krigen spul doe't se beide de hûn útlieten. De hûnen krigen spul, wêrnei't de 24-jierrige Drachtster besocht de fjochtsjende bisten útinoar te heljen. Dat die er mei in mes. Hy rekke dêrby ek syn 63-jierrige doarpsgenoat. Dit resultearre yn in fjochtpartij, wêrby't ek de mem fan de 24-jierrige Drachtster ferwûne rekke.

Sy moast mei ferwûnings nei de dokterswacht. De beide manlju sitte noch fêst op it buro.

De plysje ûndersiket noch de krekte tadracht fan it trelit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)