Man rydt troch nei ûngelok

30 maaie 2014 - 10:06

In Winsumer (23) is yn de nacht fan tongersdei op freed oppakt neidat er mei drank op út de bocht flein wie en dêrnei útnaaide. De plysje krige yn de nacht in melding dat der yn it bûtengebiet by Winsum in auto út de bocht flein wie. Doe't se by it plak fan it ûngelok kamen, fûnen se allinnich de swier skansearre auto. Nei in koarte syktocht seagen se de Winsumer op 'e fyts troch it doarp fytsen.

Doe't de plysje him oanhâlde woe, fersette de man him bot. Op it plysjeburo die út in azemtest bliken dat er tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
ûngelok dronken trochride
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)