Iepen dei op buorkerijen
It is freed iepen die op ferskate buorkerijen yn Fryslân. Dat jout konsuminten de kâns om ris te sjen wêr't de molke wei komt en ek om it boerelibben in kear mei te meitsjen. De dei is opset troch suvelreus FrieslandCampina.
Ien fan de boeren dy't oan de dei meidocht is natoerboer Sjoerd Miedema fan Haskerdiken. Hy hat in plaats mei 350 kij en docht aktyf oan natoerbehear en beskerming fan de fûgelstân lykas ûnder oare de skries.