Jannick de Jong wint Herxheim

29 maaie 2014 - 17:09

Gersbaanracer Jannick de Jong fan De Gordyk hat tongersdei de A-finale wûn by de earste Grand Prix langbaan yn it Dútske Herxheim. Yn de finale kaam de Gordykster fanwege motorpech op syn reservemotor yn aksje. Hy pakte fuort de kopposysje en liet dy net mear yn gefaar komme.

Mearfâldich wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi út Finlân sammele de measte punten yn de ferskate heats en giet dêrmei oan de lieding yn it Grand Prix-klassemint. Dirk Fabriek fan Jobbegea hie in net al te bêste dei mei in soad pech. Hy einige teloarstellend as fyftjinde.

De searje wedstriden om de wrâldtitel op de langbaan telt fiif wedstriden. Ien dêrfan is yn Nederlân, op 17 augustus yn Eenrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)