Striid oer Slúske noch net oer

25 feb 2012 - 07:42

Iepenbiere basisskoalle It Slúske yn Goaiïngaryp mei wetlik noch trije jier iepenholden wurde. Dat seit Edith van Kolck fan de stichting Bits dy't twa wike lyn oprjochte is troch âlden fan bern op de skoalle en doarpsbelang. Se lizze harren net del by it beslút fan ûnderwiisorganisaasje Primus om de skoalle op 1 augustus te sluten. Se hawwe sels in advokaat ynskeakele.

It probleem is dat der noch mar 21 learlingen op de skoalle sitte en dat moatte 23 wêze. Mar dat hoecht gjin probleem te wêzen, seit Van Kolck.

Yn in brief oan gemeenteriedsleden wurdt útlein dat de skoalle iepenbliuwe mei en dat der oer in pear jier mear bern op skoalle sitte sille. Fierders skriuwt de stifting dat de proseduere om ta sluting te kommen hielendal net goed ferrûn is. De ried nimt yn maart in beslút oer de sluting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)