97 boetes lânbouferkear

29 maaie 2014 - 13:19

By kontrôles dy't de Fryske plysje hâlden hat fan lânbouark binne 97 boetes útskreaun. Ek waarden likefolle warskôgings útdield. De plysje kontrolearre de ôfrûne twa moanne yntinsyf it lânbouferkear op de iepenbiere dyk. Dêrby waard ûnder oare sjoen nei útstekkende dielen, ladingen dy't net goed fêst sieten of ferljochting dy't net goed wurke.

Mei-inoar waarden 570 kontrôles dien. It giet om kontrôles dy't de plysje al in tal jierren docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)