Cambuur ferliest fan Emmen

25 feb 2012 - 07:36

Cambuur hat freedtejûn de útwedstriid tsjin Emmen mei 2-1 ferlern. Fiif minuten foar tiid stiene de Ljouwerters noch mei 1-0 foar, mar doe gie it dochs noch mis. Yn de earste helte wie Cambuur better, mar slagge der net yn dat om te setten yn goals.

Yn de twadde helte kaam Mark de Vries yn it fjild foar Martijn Barto, mar de grutste kânsen wiene foar Emmen. Fier yn de twadde helte foel dan dochs de iepeningstreffer fan Cambuur troch Bob Schepers en like it derop dat de earste oerwinning fan 2012 binnen wie.

Emmen liet it der lykwols net by sitte en waard beleane foar syn ynset. Yn de slotfaze kamen se op likense hichte en yn blessueretiid makke Sander Fischer de winnende goal foar Emmen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur Emmen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)