Wach op minder studinten

28 maaie 2014 - 22:41
  • Studinten oan it wurk

Studearjen wurdt djoerder en nei alle gedachten sille studinten yn 'e takomst in hegere stúdzjeskuld hawwe. Dat komt om't it lienstelsel no definityf ynfierd wurde sil. Dat is woansdei bekend wurden. De basisbeurs wurdt foar studinten dy't nei de simmer fan 2015 mei in stúdzje úteinsette, in liening.

Bestjoersfoarsitter Willem Smink fan de NHL warskôget wach te wêzen op minder studinten. Foar ûnderwiisynstellings hat it lienstelsel ek ljochtpunten. Al it jild dat mei de maatregels besparre wurdt, giet nei it ûnderwiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)