'Kommoasje 50Plus minne saak'

28 maaie 2014 - 20:11
  • Jan Waterlander, 50-Pluspartij, ôfdieling Fryslân

De Fryske ôfdieling fan 50Plus is min te sprekken oer de kommoasje yn de politike partij. It haadbestjoer hat it betrouwen yn fraksjefoarsitter Norbert Klein opsein, om't hy syn iennige fraksjegenoat Martine Baay-Timmerman út de Twadde Keamerfraksje setten hat. Earder stapte fraksjefoarsitter Henk Krol op. Hy kaam yn opspraak om't er gjin pensjoenpreemje betelle hawwe soe foar syn wurknimmers by de Gaykrant.

De foarman fan 50Plus Fryslân, Jan Waterlander, hopet dat de nije opskuor gjin negative effekten op harren hat as it giet om de steateferkiezings, dy't yn 2015 binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)