Winners 'Tsjingif' bekend

© Omrop Fryslân
It Bornego College op It Hearrenfean en it Stellingwerf College yn Easterwâlde hawwe dit jier de aksje 'Tsjingif' wûn. Dat is in aksje fan de GGD om foar te kommen dat jongeren begjinne mei smoken.
Se betinke dan ferskate aksjes en prate meielkoar oer it smoken. Meielkoar diene dêr dit jier 82 earste- en twaddeklassers fan fjirtjin skoallen yn Fryslân oan mei. Ut ûndersyk docht bliken dat der yn de klassen dy't oan de aksje meidogge minder bern smoke.