Natuermuseum bêste foar bern

28 maaie 2014 - 17:05

It Natuermuseum yn Ljouwert is woansdeitemiddei yn Leiden útroppen ta bêste kidsproofmuseum fan Fryslân. It giet om in ûnderskieding dy't troch de bern sels takend is.

Bern koene har oanmelde as museumynspekteur, in fragelist ynfolje en dy ynfiere op de website. It inisjatyf foar de ûnderskieding komt fan de lanlike museumferiening.

Dy wol mear bern yn kontakt bringe mei musea. Der wiene hast tachtich bern dy't har oanmeld hiene as museumynspekteur. Yn Naturalis yn Leiden waarden de prizen útrikt.

It museum yn Ljouwert waard dus winner fan Fryslan. Lanlik waard Nemo yn Amsterdam keazen as bêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)