Duo noch 2 wiken yn foararrest

28 maaie 2014 - 16:51
  • Profyltekening Antonio Marcos van der P. en Enise Merve B.

It kriminele duo Antonio van der P. út De Harkema en syn freondinne Enise bliuwe yn alle gefallen noch twa wiken yn foararrest. Dat hat de rjochter-kommissaris woansdei útmakke.

De man en frou wurde ûnder oaren fertocht fan swiere mishanneling en ûntfiering. Se binne ôfrûne moandei útlevere troch de Dútske autoriteiten.

De twa waarden op 26 febrewaris oanhâlden nei in dagenlange klopjacht troch de plysje. Uteinlik binne se yn in hotel yn Dútslân oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)