'Stúdzjeliening ûnferantwurde'

28 maaie 2014 - 15:41
  • Studinten oan it wurk

35 jier dwaan oer it ôflossen fan in stúdzjeliening is in min plan. Dat seit direkteur Ger Jaarsma fan de Kredietbank Nederland. De langere ôflossingstermyn is ien fan de ûnderdielen fan it nije lienstelsel, dêr't op dit stuit yn Den Haach oer praat wurdt.

No is it sa dat minsken mei in stúdzjeliening fyftjin jier de tiid ha om ôf te lossen. Minsken de mooglikheid jaan om oant har pensjoen ta oan in liening fêst te sitten, is ûnferantwurde, seit Jaarsma.

Der is net ien soarte liening dêr't je der sa lang oer dwaan meie om it jild werom te beteljen. By de kredytbank sels moat dat yn trije jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)