Ferkearshinder op A7 De Jouwer

28 maaie 2014 - 15:29
  • Knooppunt De Jouwer

Troch in ûngelok op de A7 yn 'e buert fan De Jouwer is der in soad ferkearshinder op beide rydstroken ûntstien. Ferkear út de rjochting Snits op de A7 ûnderweis nei it ferkearsplein op 'e Jouwer wurdt omlaat by De Jouwer West.

In frachtauto is dêr yn botsing kommen mei in bestelauto. De plysje meldt dat der gjin minsken ferwûne rekke binne. Automobilisten moatte rekken hâlde mei in fikse fertraging

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)