Fergees guod foar minima

28 maaie 2014 - 15:01
  • Utdieldepot yn Damwâld

It earste útdieldepot fan Fryslân is woansdeitemoarn iepene yn Damwâld. In útdieldepot is in soarte fan Voedselbank, allinnich wurdt der gjin iten útdield mar guod lykas meubels, klean en boartersguod.

Minima en minsken mei finansjele problemen kinne by it útdieldepot oanklopje foar help. Oprjochter Geert van der Woude wit hoe't it is om finansjeel oan de grûn te sitten. Syn bedriuw gie in pear jier lien fallyt. Hy krige doe in soad help fan freonen en famylje en wol no graach wat werom dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)