Nije bestjoersleden Wetterskip

28 maaie 2014 - 14:37
  • Logo Wetterskip Fryslân

Ald-wethâlder Bé de Winter fan Skarsterlân en de eardere boargemaster fan Smellingerlân Pieter van der Zaag binne woansdei ynstalearre as nije leden yn it bestjoer fan Wetterskip Fryslân.

De Winter komt yn it deistich bestjoer. Hy wurdt ferantwurdlik foar de wetterkearingen, it wetterbehear op de Waadeilannen en de bestriding fan muskusratten. Van der Zaag komt yn it algemien bestjoer fan it wetterskip. Se folgje Harry Boon op, dy't yn Harns wethâlder wurden is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)