Stenden moat saken oanpasse

Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert moat de opliedingen op fjouwer bûtenlânske festigingen flink oanpasse. Docht de skoalle dat net, dan kinne de studinten dêr gjin diploma krije dat ek yn Nederlân jildich is.
Yn in brief oan de Twadde Keamer hat steatssiktaris Halbe Zijlstra witte litten dat er de wet dêr net foar oanpasse wol. De studinten op de festigingen yn Súd-Afrika, Katar, Bangkok en Baly soene dêrtroch eins op syn minst ien jier nei Nederlân komme moatte om yn oanmerking te kommen foar it diploma.
Neffens de ried fan bestjoer fan Stenden is dat foar in soad studinten gjin opsje. Bygelyks troch jildkrapte of om religieuze redenen. Stenden beriedt him der noch oer hoe't dat oplost wurde kin.