Werbou fan seaddehûs Furdgum

28 maaie 2014 - 12:34
  • Seaddehûs yn Furdgum

Yn Furdgum binne de minsken dy't belutsen binne by de bou fan it seaddehûs woansdeitemoarn by elkoar kaam. Doel wie om ynsjoch te krijen hoe't it gebou wer opboud wurde kin. It seaddehûs wie earder foar de helte ynstoarten, wêrmei't de publykslûker by it museum en archeologysk stipepunt yn it doarp fuortfoel.

Mei help fan studinten boukunde fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert wurdt útsocht wat der barre moat om it histoaryske hûs ditkear op in goeie wize del te setten. Dêrfoar waarden foto's en fansels ek it gebou besjoen.

Fierder is der yn de kwelder socht nei geskikt materiaal foar nije seadden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)