Oanriding Fryske shorttracker

Shorttracker Freek van der Wart oanriden by De Gordyk © Jeroen Sonneveld
De plysje hat tiisdeimiddei in 48-jierrige ynwenner fan De Gordyk oanhâlden. De man wurdt der fan fertocht dat er moandeitemiddei op de Stasjonswei yn syn wenplak in racefytser oanriden hat. It giet om shorttracker Freek van der Wart dy't mei oare shorttrackers, lykas Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt, oan it trainen wie. Neffens de plysje moasten de shorttrackers útwike foar in lijnbus. In oanriding wie it gefolch.
Dêrby rekke de 26-jierrige Van der Wart ferwûne. De Gordykster ried troch. Mei tank oan tsjûgen koe de plysje de man dochs efterhelje. De man is ynsletten.