"Ien topiisbaan is genôch"

Sa sjocht Thialf derút nei de fernijbou
It reedridersbûn KNSB kin net om de nijbou fan iisstadion Thialf hinne by it organisearjen fan grutte toernoaien yn de takomst. Dat seit deputearre Hans Konst. De ferbou fan Thialf op it hjoeddeiske plak kostet 50 miljoen euro.
De wedstriidbaan wurdt alhiel mei de nijste techniken oanlein en sil likegoed wêze as it bouwen fan in nij Thialf by it Abe Lenstrastadion fan 100 miljoen euro. It ferskil yn kosten sit him yn oare saken, lykas de oankeap fan grûn.
Konst tinkt net dat Almere en Zoetermeer mei bettere plannen op de proppen komme. Boppedat is it ek net te winskjen dat der meardere topsportbanen komme. Troch de konkurrinsje kin dan gjin inkelde baan eksploitabel makke wurde, seit Konst.