13-jierrige drugsdealer pakt
De plysje hat tiisdeitemiddei yn Ljouwert in 13-jierrige drugsdealer oanhâlden. Dat barde op it Hoeksterpaad. Aginten hienen sjoen dat de jonge drugs ferkocht oan in frou. It gie om heroïne en kokaïne. De jonge is oerbrocht nei it plysjeburo.