Ferwûnen by ûngelok Wolvegea

© Omrop Fryslân
Bij in ûngelok op de Steenwijkerwei yn Wolvegea binne freedtemoarn twa minsken ferwûne rekke. In 34-jierrige autobestjoerder út Noardwâlde joech gjin foarrang oan de auto fan in 67-jierrige frou út Steggerda, doe't er de dyk opried. Beide auto's botsten frontaal op elkoar.
De frou út Steggerda en har passazjier rekken ferwûne en binne mei de ambulanse nei it sikehûs brocht. Nei behanneling koene se wer nei hûs ta.