Frysk enerzjybedriuw fan start

Friezen kinne har fan sneon ôf oanslute by in nije Fryske enerzjymaatskippij dy't duorsumheid heech yn it findel stean hat. It idee is dat stroom en gas grien produsearre wurde en boppedat yn de eigen provinsje opwekt binne.
De winst giet net nei de direksje fan it bedriuw, mar wurdt werom jûn oan de mienskip. Dat is it foarnimmen fan de nije Fryske enerzjymaatskippij 'Us Koöperaasje'. Oankommende sneon trapet 'Us Koöperaasje' ôf mei harren kampanje 'Slút my mar oan' op de Reuzedei yn Akkrum.
It bedriuw keapet yn gearwurking mei Drinte en Grinslân enerzjy yn by NLD (Noordelijk Lokaal Duurzaam). De winst wurdt útkeard oan de partners, dy't it jild brûke meie foar duorsume projekten yn doarp of wenwiken.