Brânwacht op kampanje

27 maaie 2014 - 13:34
  • Kampanje brânprevinsje troch de brânwacht

De brânwacht sil de kommende moannen faker yn aksje komme yn wenwiken. Yn it ramt fan de kampanje Brandveilig Leven wurde spesjale oefenings hâlde yn wenwiken en doarpen. Bewenners wurde mei in flyer útnoege foar dy oefenings. Se krije dêr foarljochting oer bygelyks it ophingjen fan brânmelders yn hûs en it meitsjen fan in flechtplan.

Dit jier sil de brânwacht ek op twahûndert Fryske basisskoallen oan bern brânprevinsjeles jaan.

De Feilichheidsregio Fryslân wol troch struktureel oandacht te jaan oan previnsje it tal brannen yn wenhuzen ferminderje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)