Wetterskip yn aksje nei rein

27 maaie 2014 - 13:06

Troch de grutte reinfal fan de ôfrûne nacht set Wetterskip Fryslân fan tiisdei ôf ekstra spui-kapasiteit yn. Net allinnich stean alle slûsduorren iepen, ek is in pomp fan it Hooglandgemaal yn Starum oanset.

Neffens it wetterskip is der moandeitejûn en yn de nacht fan moandei op tiisdei yn trochsneed 36 mililiter wetter fallen yn de provinsje. It measte wetter foel op De Gordyk: 47 mililiter. It wetterskip ferwachtet dat yn alle gefallen oant snein ekstra spuid wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)