FNV stelt Doeksen ultimatum

27 maaie 2014 - 12:07

Der driget in hurde konfrontaasje tusken rederij Doeksen en fakbûn FNV. De partijen kinne it net iens wurde oer in nije CAO. It FNV hat de reder in ultimatum steld dat woansdeitemoarn om 10 oere ôfrint. As der dan gjin sicht is op in akkoart, driigje der aksjes.

Neffens Minke Jansma (FNV) hat Doeksen gjin wurdearring foar de konstruktive hâlding fan it personiel yn de ôfrûne jierren fan striid mei de Eigen Veerdienst Terschelling (EVT). De besunigings by Doeksen gean wol troch, hoewol't der ôfspraken leine dat net barre soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)