ANWB: Twa klimparken ûnfeilich

Twa Fryske klimparken bin ûnfeilich. Dat hat de ANWB fêststeld yn in test fan alve klimparken. Klimbos Appelscha en Adfunture-park Dokkum krigen it oardiel 'ûnfeilich' fanwege it ûntbrekken fan in permanint feilichheidssysteem. Neffens de ANWB rinne klimmers dêrtroch it risiko te fallen, om't se harsels by fersin loskeppelje kinne fan de kabel.
Klimbos Appelscha lit witte de feilichheid krekt skerp yn it each te hâlden en al njoggen jier sûnder ûngemakken te wurkjen.