Fjirtich kleankonteners derby

Offalferwurker Omrin begjint yn de mande mei Fryske gemeenten mei tekstylynsammeling op grutte skaal. Op fjirtich plakken komme ûndergrûnse konteners te stean.
No wurdt in soad klean noch mei it gewoane offâl weismiten en ferbaarnd. Troch nije recycling-techniken kin tenei ek fersliten en stikkene klean brûkt wurde as grûnstof foar nije produkten. It ynsammele tekstyl wurdt útsocht yn soartearsintra yn Snits en Ljouwert.
Omrin wurket yn de nije teksylynsammelaksje gear mei it Leger des Heils en sosjale wurkfoarsjennings Empatec en Caparis. It projekt leveret fjirtich oant fyftich arbeidsplakken op. De earste kleankontener wurdt takom wike woansdei yn gebrûk naam yn Achtkarspelen.