Ogbeche bliuwt by Cambuur

Bartholomew Ogbeche makke de 2-0 foar Cambuur © awfoto.nl
Bartholomew Ogbeche spilet ek takom seizoen by Sportklup Cambuur. De Nigeriaanske spits hat syn hantekening setten ûnder in nij kontrakt foar ien seizoen, mei in opsje foar noch in seizoen. Ogbeche spilet sûnt de winterstop foar de Ljouwerters en makke syn debút yn de wedstriid tsjin SC Hearrenfean.Yn de Fryske twastriid makke hy syn earste doelpunt. Yn it ferline spile Ogbeche foar grutte klups lykas Paris Saint-Germain en Middlesbrough, en wie er foar Nigearia aktyf op it WK 2002 in Japan en Súd-Koreä.